Tastimming Europa jild Thialf

In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen
De Europeeske Kommisje hat de provinsje Fryslân tastimming jûn om de bou fan in nij Thialf te stypjen mei 50 miljoen euro. Dat wie it lêste obstakel foar de subsydzje. Mei it beslút binne ek beswieren fan boargers ôfhannele.
De provinsje makket oer goed in moanne bekend wa't de oannimmer wurdt fan it projekt. Nei ferwachting wurdt yn april takom jier úteinset mei de bou.