Serious Request fan start gong

18 des 2013 - 20:56

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat woansdeitejûn krekt nei 20.30 oere de dj's Giel Beelen, Coen Swijnenberg en Paul Rabbering fan 3FM opsluten yn it Glêzen Hûs op it Saailân yn Ljouwert. De kommende seis dagen meitsje de manlju non-stop radio foar it goede doel fan it Reade Krús, de bestriding fan bernesterte troch diarree.

Der wie in soad belangstelling op it Saailân. Op it poadium wiene optredens fan ûnder oaren Bastille en Maaike Ouboter. De gemeente Ljouwert ferwachtet de kommende wike hast 400.000 besikers.

Besjoch hjir de webcam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)