Martin Koeman ferstoarn

Martin Koeman by in boekpresintaasje yn novimber © RTV Noord
FC Grins boechbyld Martin Koeman is woansdeitemiddei ferstoarn yn it sikehûs yn Ljouwert. Hy lei sûnt snein yn koma yn it MCL. De 75-jierrige Koeman waard troffen troch in hertstilstân wylst er by in fuotbalwedstriid wie.
Koeman wie de heit fan Ronald en Erwin. Hy wie al fyftich jier ferbûn oan FC Grins as spiler en as trainer.