Ien nij gebou skoallen H'fean

18 des 2013 - 19:40

Hearrenfean wol de trije basisskoallen De Akker, De Commanderije en De Letterbeam yn ien gebou ûnderbringe. It nije gebou soe op de lokaasje fan De Commanderije oan De Akkers komme moatte en kostet 6 miljoen euro.

Neffens it kolleezje fan Hearrenfean binne de trije skoalgebouwen bot ferâldere. Ien nij gebou is neffens har de oplossing. De skoalbern krije dan tydlik les yn needlokalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)