Skeel dokters Skier duorret

18 des 2013 - 17:28
  • Skiermûntseach

Op Skiermûntseach hat de gemeenteried tiisdei in oerlis hân mei De Friesland oer de beide húsdokters op it eilân. Sûnt in pear moanne hat Skier twa selsstannige húsdokters. De sittende húsdokter Zaal krige in skeel mei syn beëage opfolger frou Kouwenhoven. As gefolch hjirfan woenen beide húsdokters net mear gearwurkje. Ta fernuvering fan de ried fan Skiermûntseach krigen beide húsdokters in fergunning foar it hâlden fan in praktyk op it eilân. Sy hawwe hjiroer opheldering frege oan de syktekostefersekerder.

By dat petear wie de folslein ried oanwêzich. Neffens boargemaster Stellinga wurdt pas yn it nije jier meidieling dien oer de ynhâld fan it petear. Stellinga hat ek al mei beide húsdokters om tafel west, mar dat petear hat neffens him gjin oplossing brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)