Brands earst net by seleksje

Kevin Brands © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Kevin Brands sil oant de winterstop gjin diel mear útmeitsje fan de seleksje fan Cambuur. Nei de kompetysjewedstriid fan sneon yn Breda tsjin NAC prate klup en spiler oer hoe't it fierder moat mei Brands. De 25-jierrige spiler siet it ôfrûne wykein ek al net by de seleksje by de wedstriid fan Cambuur tsjin Ajax. Brands wie offisjeel siik, mar koe ek min omgean mei syn rol as reserve. Cambuur hiert Kevin Brands dit seizoen fan Willem II út Tilburch. Dêr hat er noch in kontrakt oant 2015.