Hearrenfean yn beker tsjin PSV

Sportklup Hearrenfean spilet yn de heale finale fan it bekertoernoai tsjin PSV. De oare heale finale giet tusken AZ en Heracles Almelo. Hearrenfean wûn de kwartfinale tiisdei mei 2-1 fan Vitesse, PVS wie tongersdeijûn te sterk foar NEC.
Hearrenfean spilet de heale finale op 21 of 22 maart yn it eigen stadion. De finale is op 8 april. Hearrenfean wie trije jier lyn de winner fan it bekertoernoai.