Fryslân telt ôf foar SR 2013

18 des 2013 - 15:53

Noch in pear oeren en dan giet Serious Request 2013 yn Ljouwert los. Trije dj's fan 3FM sitte seis dagen yn it Glêzen Hûs, dat foar it Fries Museum stiet. Epke Zonderland docht de doar woansdeitejûn op slot en tiisdei 24 desimber komme de mannen der pas wer út. Mei de aksje wurdt jild ynsammele foar bern yn Afrika en Azië dy't stjerre troch diarree. Rûnom yn Fryslân en de rest fan Nederlân rinne al mear as 2.500 aksjes foar dit goede doel. It libbet bot.

Besjoch hjir de webcam op it Saailân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)