Kiosk wurdt kulinêr poadium

Kiosk KH 2018
De eksploitaasje fan de kiosk op de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert is wûn troch it team We are Grutsk. Dat makke wethâlder Deinum woansdei bekend. Kiosk 'De Bierkaai' moat in 'kulinêr poadium' wurde. Ut de kiosk wei sil fan febrewaris ôf alle dagen in nij middeisbrochje ferkocht wurde, dat makke wurdt troch wikseljende restauranthâlders. Dêrnjonken moat it ek in plak wurde fan kulturele aktiviteiten.
De kiosk hie earder in promoasjefunksje foar Kulturele Haadstêd 2018.