Untwerppriisfraach nije huzen

Foar de nije wenwyk Wiarda by Ljouwert komt in ûntwerppriisfraach. It giet om 12 wenningen op of oan it wetter oan de súdkant fan it plan. Wiarda wurdt, nei Techum en Jabikswâld, it tredde buertskip yn de Súdlannen. It leit oan de súdeastkant fan Goutum. Arsjitekten wurdt frege om, mei in bouwer, in plan te meitsjen foar trije wenten tagelyk.
It giet om frijsteande en skeakelwenten, en ek om huzen dy't op it wetter driuwe. Yn maaie 2014 wurde 12 ûntwerpen tentoansteld, in faksjuery en in publykssjuery kieze de trije winnende ûntwerpen.