Software foar útstjoering SR

18 des 2013 - 13:55

In Frysk bedriuw hat foar Serious Request in programma makke dat op de live televyzje-útstjoering social-media-berjochten ynstreame lit. It giet om ekstra ynformaasje lykas de stân fan de aksje, foto's, tweets, sms'kes en graphics. Meiwurkers fan it Ljouwerter bedriuw mei de namme 1080dots wiene fan 'e wike yn it Glêzen Hûs op it Saailân om de software te ynstallearjen.

It bedriuw wurket ek foar de Top2000 en regionale omroppen. Boppedat hat it software makke foar it megaskerm op Winkelplein De Centrale en foar it Cambuurskoareboerd.

De live televyzje-útstjoering fan it Saailân ôf giet woansdeitejûn fan start. Omrop Fryslân hat in webcam ophongen om de aktuele stân fan saken sjen te litten.

Besjoch hjir de webcam op it Saailân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)