'Minder greiden ploegje'

Ploegje © ANP
In grutte útwreiding fan it ferbod op ploegjen fan Fryske greiden soe goed wêze foar it klimaat, de planten en de bisten. Dat seit ûndersyksynstitút Alterra fan de Wageningen Universiteit.
Foar greidelân by natuergebieten dy't troch Europeeske regels beskerme wurde, jildt no al in ploechferbod. Alterra stelt foar om it gebiet mei 46 prosint út te wreidzjen. It soe dan benammen gean om Frysk greidelân. De Twadde Keamer praat woansdeitejûn oer eventuele útwreding fan it ferbod op ploegjen.