Auto oer fangrail yn sleat A7

Auto-ûngelok by Beetstersweach © Sicco Riedstra
In 24-jierrige man út Stienwyk is tiisdeitejûn mei de auto op 'e kop yn 'e feart belâne neist de A7 by Beetstersweach. De bestjoerder wie yn 'e sliep fallen en rekke mei syn auto de fangrail. Neidat er inkele tsientallen meters oer de fangrail sketten wie, einige er yn de feart. De man koe op eigen kracht út de auto komme en hâlde inkeld in pear skaafplakken oer oan it ûngelok.