Martin Koeman yn koma yn MCL
FC Grins-man Martin Koeman leit sûnt snein yn koma yn it Medysk Sintrum yn Ljouwert. De 75-jierrige Koeman waard troffen troch in hertstilstân wylst er by in fuotbalwedstriid wie.
Koeman is de heit fan Ronald en Erwin. Hy is al fyftich jier ferbûn oan FC Grins as spiler en as trainer.