Banen fuort troch Rabofúzje

18 des 2013 - 10:21

De fúzje tusken de Rabobanken Burgum-De Lauwers en Drachten-Oerterp sil banen kostje. Dat seit direksjefoarsitter Pieter-Jan Varekamp. De lederieden fan beide banken besleaten tiisdeitejûn ta de fúzje. Mei yngong fan 1 maaie gean beide festigings fierder ûnder de namme Rabobank Drachten Friesland-Oost.

De banken hawwe mei-inoar trijehûndert meiwurkers. Troch de fúzje sille minsken boppetallich wurde. Varekamp slút twongen úntslaggen net út. De banken Burgum-De Lauwers en Drachten-Oerterp hâlde wol de besteande kantoaren.

De Rabobank Drachten-Oerterp en Burgum-De Lauwers wurken al gear yn agraryske tsjinstferliening en fermogenbehear. 'Drachten-Oerterp' hat twa filialen yn Drachten. 'Burgum-De Lauwers' hat filialen yn Burgum, Surhústerfean, Bûtenpost, Kollum en Gytsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)