Twadde termyn Jorritsma

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma is foardroegen foar in twadde termyn yn syn funksje. De betrouwenskommisje hat dat woansdeitemoarn bekend makke. De stimferhâlding yn de kommisje bliuwt geheim. Oft de foardracht unanym is, is sadwaande ûndúdlik.
De foardracht fan Jorritsma wurdt trochstjoerd nei it ministearje fan Ynlânske Saken. Dat draacht de kandidaat foar bij de Kening, dy't him dan offisjeel werbeneamt. Jorritsma waard yn 2008 beneamd as kommissaris yn Fryslân.