Brânfertochte Hearrenfean fêst

18 des 2013 - 08:35
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

De plysje hat in 32-jierrige man fan It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan brânstifting oan de Gerritsmastrjitte. De brân ûntstie yn de nacht fan tiisdei op woansdei om in oere as fjouwer en begong yn in wenning op de ûnderste ferdjipping. Dat appartemint brânde folslein út. De plysje ûndersiket oft de man belutsen is by de brân.

De fertochte sit noch fêst op it buro. Forensyske opsporing docht fierder ûndersyk yn de wente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)