Hotelbou Dellewal tsjinhâlden

18 des 2013 - 07:14

De gemeenteried fan Skylge hat tiisdei de útwreiding fan Hotel Skylge by de Dellewal tsjinhâlden. De diskusje oer dat stik fan it eilân rint al jierren. In groep eilânbewenners is mei in aksje úteinset om de Dellewal sels te keapjen en sa hotelbou tsjin te gean. Eigener Harry Westers fan Hotel Skylge seit dat de gemeente al tasizzings dien hat.

Neffens Guus Schweigmann fan Pleatslik Belang Skylge is natoer lykwols wichtiger foar it toerisme op it eilân as in grut hotel. Sadwaande dat de ried sels yngrepen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)