Lêste ried fan Boarnsterhim

Jan Hemminga fan Gemeentebelangen Boarnsterhim is tiisdei ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau wurden. Hy sit al 20 jier yn it riedswurk. Hy krige it lintsje op de lêste gearkomste fan de gemeenteried fan Boarnsterhim. Op 1 jannewaris falt it doek foar de gemeente, dy't ferdield wurdt oer fjouwer gemeenten: Ljouwert, Hearrenfean, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. Boarnsterhim wie in soad yn it nijs om tal fan finansjele misstappen. De gemeente krige sels de bynamme: Blunderhim. Mar it wie ek de earste gemeente mei Fryske plaknammen.