Ynsammelaksje Bernlef-liet

17 des 2013 - 20:34
  • Piter Wilkens op protestmanifestaasje Friesland Bank

De Fryske studinteferiening Bernlef út Grins besiket mei in ynsammelaksje om dochs noch it nûmer 'Bernlef Boppe' fan Piter Wilkens op 'e radio te krijen. Ferline wike waard bekend dat in lid fan Bernlef de webside fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân hacked hie. Hy hie 1500 kear op it nûmer stimd. Dizze stimmen binne út de útslach helle.

Om dochs it Bernlef-liet op 'e radio te krijen, is de studinteferiening fan doel om jild yn te sammeljen en de plaat oan te freegjen tidens Serious Request op 3FM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)