Speurtocht nei hobbelhynder

17 des 2013 - 15:51
  • Dit it is hobbelhynder dat socht wurdt

Nico en Tineke van Grootel út Bitgum binne driuwend op syk nei in houten hobbelhynder. Nico is slim siik en hat werskynlik mar in pear wiken te libjen. Syn leafste winsk is om it rydhynderke wer thús te krijen. It giet om in houten wyt hynderke mei in grien sadel. It hobbelhynder hat fan syn heit west en Nico hat it jierren yn 'e hûs hân.

It hobbelis by Nioo syn eks-frou stean bleaun. Dy hat it in heal jier ferlyn ferkocht oan de Kringloop fan Surhústerfean. Dêr is it trochferkocht. Nico en Tineke wolle it hynder graach werom hawwe.

It hobbelhynder tydlik yn brûklien krije is ek goed. Wa't it hynder hat of wyt wêr't it hynderke bedarre is, wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei Omrop Fryslân. Dit kin oer de mail op redaksje@omropfryslan.nl of tillefoanysk op 058 - 299 77 99.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)