Ungelok mei frachtauto's op A7

17 des 2013 - 15:18
  • By it ûngelok wiene ferskate frachtauto's belutsen

De A7 by Snits yn de rjochting fan It Hearrenfean is tiisdeitemiddei ôfsletten fanwege in ûngelok mei trije frachtweinen. By it ûngelok is ien persoan ferwûne rekke. Hjirfoar waard de traumahelikopter alarmearre, mar it slachtoffer waard mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.

Ut de weinen lekte disel en koelfloeistof. Ien frachtwein hat koart yn brân stien. De dyk bliuwt de kommende oeren ticht om de ravaazje op te rûmjen. It ferkear wurdt advisearre om in oare rûte te kiezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)