Happy set Ljouwert op de kaart

17 des 2013 - 14:22
  • De iepening fan de Ljouwerter ferzje fan 'Happy'
  • Dûnsje by it byld fan 'Us Mem'

Trije Fryske mediastudinten hawwe in fideoklip makke by it ferske 'Happy' fan Pharell Williams. Yn dy klip dûnsje 120 minsken op herkenbere plakken yn Ljouwert. It filmke is moandei op YouTube set en is no al mear as 21.000 kear besjoen.

Inisjatyfnimmer Renzo Engwerda fertelt dat it de bedoeling is om minsken yn Nederlân sjen te litten dat Ljouwert in leuke stêd is. 3FM Serious Request hat de fideo op harren eigen webside set. De jonges hawwe in berjocht fan de radiostjoerder krigen. Dêryn litte se witte dat se it in leuke aksje fine.

Ek Pharrell Williams sels hat reagearre op syn eigen blog. Dêr skriuwt de sjonger: 'We love these videos! Keep them coming!!! Hit the jump for other cities, first one is from Leeuwarden, Netherland.' Ljouwert is de earste fan Nederlân mei in eigen 'Happy'-ferzje. Parijs wie ien fan de earsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)