Twa '39% Sinezen' yn Fryslân

17 des 2013 - 12:32

Twa Sineeske restaurants yn Fryslân, Lotus Sakura fan It Hearrenfean en Garden of Asia fan Ljouwert, dogge mei oan de 'nûmer 39 mei rys'-aksje. De aksje is in reaksje op in útspraak fan Gordon yn it RTL tv-programma 'Holland's Got Talent'. Gordon frege oan in jonge mei in Sineesk uterlik hokker nûmer hy sjonge soe, 'number 39 with rice?' RTL wol lykas Gordon gjin ekskús meitsje.

Ya-Ching fan Lotus Sakura fynt it in goede aksje en hat it bedriuw fan har âlden opjûn. 'Myn âlden binne makliker, mar wy litte net oer ús hinne rinne.'

Fan tiisdei oant tongersdei biede 39 Sineeske restaurants it gerjocht dat op de kaart stiet as nûmer 39 oan mei 39 persint koarting. De restaurants dy't meidogge binne te finen op www.nummer39metrijst.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)