Rapport rekkenkeamer skokkend

17 des 2013 - 12:09

Ynwenners fan Harns en tsjinstanners fan de ôffaloven steane hielendal achter de konklúzje fan de Noardlike Rekkenkeamer dat it provinsjebestjoer de boargers net goed ynformearre hat oer ôffaloven REC. Stichting Afvaloven Nee fynt de resultaten skokkend en ferwachtet politike konsekwinsjes. De belangen fan de boargers binne negeard, is ien fan de hurde konklúzjes fan de Rekkenkeamer.

Stichting Afvaloven Nee wol no ûndersykje oft der noch stappen set wurde kinne om de Harnzer ôffaloven stil te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)