Glêzen restaurant foar SR13

17 des 2013 - 11:09
  • It Glêzen Restaurant op de Lange Piip

Yn it sintrum fan Ljouwert stiet tydlik in nij restaurant, it Glêzen Restaurant. It is in inisjatyf fan Couverts, Mise en Place en Fryske restaurants om jild om te heljen foar Serious Request. Yn it restaurant sille fjirtjin sjef-koks út hiel Fryslân itensiede foar it goede doel. Spesjaal dêrfoar is der in tinte boud op de Lange Piip.

Ferline jier waard it Glêzen Restaurant foar it earst opsetten by Serious Request yn Enschede. Dat brocht doe in dikke 70.000 euro op. Yn it Ljouwerter restaurant wurde alle dagen lunsj en diner servearre.

De folgjende restaurants dogge mei oant it Glêzen Restaurant: Elevé (Ljouwert), City lounge Fellini (Ljouwert), Sems (Ljouwert), Eindeloos (Ljouwert), By Us (Ljouwert), Van Buren (Ljouwert), 't Plein (De Jouwer), de Herberg van Ternaard (Ternaard), Het Ambacht (It Hearrenfean), Tandjong Priok (Arum), 't Havenmantsje (Harns), Galamadammen (Koudum) De Vrijheid en Hotel Oostergo (beide yn Grou).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)