Noppert wint Fryske NK-finale

17 des 2013 - 06:29

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat snein it sletten Nederlânsk kampioenskip op syn namme skreaun. Yn sporthal de Corlaer yn Nijkerk wûn Noppert yn de finale mei 2-0 fan de oare Fryske finalist Rick Hofstra fan Snits. De earste set gong mei 3-0 naar Noppert en ek de twadde set wie mei 3-1 in proai foar de darter fan De Jouwer.

By de froulju gong de titel nei Tamara Schuur, dy't yn de finale mei 4-2 te sterk wie foar Aileen de Graaf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)