Boufakker falt fan tsjerkedak

Steigers
In boufakker is moandeitemiddei fan it dak fan de tsjerke fan Menaam fallen en nei it sikehûs brocht. De man wie dwaande mei it spikerjen fan laaien op it dak. Wat der krekt bard is, is noch net bekend.
It slachtoffer kaam op de steiger dy't neist de tsjerke stiet, telâne. Dat wie syn gelok, oars wie er nochris seis meter fierder nei ûnderen ta fallen. Ambulânsepersoniel hat de man op de steiger holpen en mei in heechwurker nei ûnderen helle.