Parkearjild betelje yn Snits

Parkearterrein © Stock.XCHNG, Crystal Ayala
Yn Snits moat tenei faker parkearjild betelle wurde. It parkearterrein oan de Boalserterdyk giet ticht. De gemeente hiert it terrein sûnt 2006 fan NS Vastgoed. Dat is dien fanwege te min parkearromte yn de stêd. No't de parkeargaraazje oan it Boschplein klear is, is it terrein net mear nedich.
De gemeente Súdwest-Fryslân hat de hier fan it parkearterrein oan de Kanaalstrjitte ek opsein. Op dat terrein kin de kommende tiid noch fergees parkeard wurde. Op de beide oare terreinen moat de parkearder twa euro deis betelje.