Glêzen Hûs Amelân: 25.000 euro

16 des 2013 - 18:37

It Glêzen Hûs op It Amelân hat de ôfrûne wike goed 25 tûzen euro ynsammele foar it goede doel. It jild is opbrocht troch ferienings, skoallen, bedriuwen en de gemeente. Lykas by it echte Glêzen Hûs dat woansdei yn Ljouwert iepene wurdt koene ek hjir plaatsjes oanfrege wurde foar jild.

It jild wurdt freed mei in estafette fan de fjoertoer fan It Amelân nei de Aldehou yn Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)