Oppakt foar wapenbesit

16 des 2013 - 16:31

De plysje hat moandei in 76-jierrige man út Stynsgea oanhâlden, omdat er in wapen yn 'e hûs hie op it momint dat er troch de plysje ophelle waard foar in rjochtsaak. De man moast foar de plysjerjochter komme, omdat er fertocht wurdt fan fertutearzing fan syn fee.

De plysje hie sinjalen krigen dat de man mooglik fjoerwapengefaarlik wie. Nei ûndersyk waard yndie in wapen yn it hûs oantroffen. De bejaarde man wurdt no fertocht fan oertreding fan de Wet Wapens en Munitie.

De rjochtsaak oer it fertutearzjen fan it fee is ferpleatst fan moandei nei 10 febrewaris takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)