'Ien oansprekpunt foar help'

Komplekse gesinsproblemen wurde faak net goed oanpakt, omdat tefolle helpynstânsjes en helpferlieners dermei oan 'e gong binne. It soe folle better wêze om ien oansprekpunt foar sokke gefallen oan te wizen. Dat seit Nanne de Jong fan it Frysk gearwurkingsferbân foar minsken mei in útkearing, it FSU.
De Jong reagearret op it gefal fan Maria Bons út Ljouwert dy't ein ferline wike mei seis bern op strjitte bedarre fanwege in opsteapeling fan problemen.
Neffens de Jong binne helpynstânsjes faak wol fan goede wil, mar giet der fan alles mis omdat tefolle yn hokjes tocht wurdt.