Keunst út bestek foar SR

16 des 2013 - 16:12

Op tal fan plakken yn Fryslân wurdt dizze dagen aksjes hâlden foar Serious Request. Yn in soad gefallen wurdt jild ynsammele op kreative wize. Sa meitsje bygelyks op de Van Kleffensskoalle op It Hearrenfean de bern fan bestek keunstwurken.

Yn de kommende wiken wurdt op tal fan plakken op it Hearrenfean âld bestek ynsammele. Dêr wurdt in keunstwurk fan makke dat nije wike moandei feild wurde sil. Dat moat in aardich dofke jild opsmite. De bern oefenen moandei al even mei plestik bestek. It echte keunstwurk is fan stielen bestek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)