Stel mishannelet Ljouwerter

© ANP XTRA
In man út Ljouwert is sneintejûn op de Speelmanstrjitte yn syn wenplak mishannele troch in man en in frou. It slachtoffer spruts de twa oan op harren gedrach, omdat se op in plak stiene dêr't dat net mocht. De Ljouwerter is dêrnei troch de man op de achterkant fan de holle slein. Hy foel dêrby op de grûn. Dêr is er him noch in tal kearen tsjin de holle skopt troch de man.
De Ljouwerter is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.
De fertochte man is nei skatting sa'n 30 jier en hie in swarte jas oan en in wite pet op. De frou is krekt wat grutter as de man en ek sa'n 30 jier. Se hie in swarte jas oan mei in bontkraach.