Dronken bestjoerder útnaaid

Helptsjinsten bergje de ferûngelokke auto by Berltsum © Jacob Talsma
Ambulânses en in dûkteam fan de brânwacht binne sneintejûn foar neat yn aksje kaam by in ûngelok by Berltsum. By Kleaster Anjum lei in auto op 'e kop yn it wetter. Omdat der mooglik noch minsken yn de auto sieten, binne de helptsjinsten oproppen.
De 36-jierrige eigener fan de auto wie net mear by de auto. Hy is eefkes letter by syn wenning yn Berltsum oantroffen. De man hie tefolle alkohol dronken.