Boek oer brânwacht

16 des 2013 - 11:38

De brânwacht Fryslân bringt moandei in boek út. Yn 'Eén' stean fraachpetearen mei alle 81 regionale ploechlieders fan Fryslân. It boek foarmet de ôfsluting fan it projekt 'Samen naar één brandweer'. Takom jier falle alle Fryske brânwachten ûnder de Feilichheidsregio Fryslân en moatte se gearwurkje. It boek moat foar ienheid yn it ferskaat oan korpsen soargje.

De boargemasters Crone fan de Feiligensregio en Apotheker fan 'Samen naar één brandweer' oerlangje de boeken oan de ploechlieders. Dat bart yn de brânwachtkazerne yn Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)