Ynskriuwe foar ynfrawurken

16 des 2013 - 11:18
  • Baggerbak

Goed hûndert Fryske ûndernimmings hawwe harren yn novimber ynskreaun foar ynfrawurken fan de Provinsje Fryslân. It giet dan bygelyks om baggerjen en grienûnderhâld. De ynskriuwers binne foar it grutste part midden- en lytsbedriuwen.

Mei-inoar koe ynskreaun wurde yn 26 kategoryen. Der is al in earste seleksje fan bedriuwen makke. Undernimmings dy't noch meidwaan wolle, kinne harren noch wol ynskriuwe. Se komme dan ûnderoan de list. Op 1 april fan dit jier is in nije oanbestegingswet fan krêft wurden. Dêrby heart de nije wize fan ynskriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)