FNP komt op foar doarpshuzen

16 des 2013 - 10:49

De FNP yn Súdwest-Fryslân wol dat der gau dúdlikens komt oer de takomst fan doarphuzen en multyfunkjonele sintra yn doarpen. Troch nije wetjouwing yn Den Haag wol de gemeente it tal feestjes en de iepeningstiden fan de hoarekafoarsjennings bot beheine. Doarphuzen en sintra soene dan minder ynkomsten hawwe en mooglik slute moatte.

De FNP wol dat foarkomme en freget de gemeente om mei elke foarsjenning apart ôfspraken te meitsjen dy't oan de nije wet foldogge.

FNP-riedslid Koster seit dat de hoareka yn Súdwest-Fryslân eins gjin problemen hat mei hoareka-aktiviteiten yn doarpshuzen en multyfunksjonele sintra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)