Aris kin dochs noch winne

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha lang om let wer ris in wedstriid wûn. Nei alve ferliespartijen op rige waard snein yn Amsterdam Apollo mei 72-59 ferslein. Yn it earste kwart naam Aris fuort in foarsprong (21-13). Dy foarsprong koe yn it lêste kwart noch wat útwreide wurde. Trije Ljouwerter basketballers hellen de dûbele sifers: Darius Theus makke 23 punten, Natjan Healy 15 en Tjoe de Paula 13. Aris hat no fjouwer kear wûn en tolve kear ferlern, goed foar it achtste plak yn de basketbal league.