Underdak foar mem mei 6 bern

De Ljouwerter frou dy't mei seis bern op strjitte stiet, hat wenromte fûn. Se hat dat sels dien yn oparbeidzjen mei har bewâdfierder. Dat seit boargemaster Crone fan Ljouwert.
Mem Maria wie har hûs kwyt rekke en krige gjin oar plak. Se hawwe in nacht yn dakleaze-opfang de Terp sliept mar koene dêr net langer bliuwe omdat de omstannichheden net geskikt binne foar de opfang fan bern. Dêrnei hawwe se tydlik ûnderdak hân by kunde. Nei oanlieding fan it ferhaal hat de gemeente sneintemoarn krisisoerlis hân om ta in oplossing te kommen.
Boargemaster Ferd Crone seit al sûnt tongersdei dwaande te wêzen mei de saak. It is allinnich dreech om op koarte termyn goed ûnderdak te finen. Helpferlieningsynstânsjes gean no fuortendaliks oan de slach mei it gesin. Dat is neffens Crone mear as needsaaklik.