Nije bestimming Van Sminiahûs

15 des 2013 - 16:15
  • It Van Sminiahûs (yn it midden fan de foto) yn Ljouwert
  • Gerrit Spaaij by de iepening fan it nije Van Sminiahûs
  • By de iepening fan it fernijde Van Sminiahûs yn Ljouwert

It Van Sminiahûs op de Twibaksmerk yn Ljouwert krijt in nije bestimming. It hearehûs stamt út 1739. It is yn oktober kocht troch sakeman Geert Schaaij. Doel is om der in restaurant en sakeklup fan te meitsjen oan wat Schaaij 'it Lange Voorhout fan Ljouwert' neamt.

De sakeklup krijt de namme De Hearen fan Sminia en hy wurdt opset troch kollegasakeman Siep Jan Riedstra. Sneontejûn wie de offisjele iepening fan it restaurant. De sakeklup moat yn jannewaris of febrewaris aktyf wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)