Oesterfeest op Lauwerseach

15 des 2013 - 15:43
  • Oesterfeest
  • Oesters tameitsje op oesterfeest yn Lauwerseach
  • Oesters

De Japanske oester docht it goed yn de Waadsee. It skaaldier is tritich jier ferlyn troch frachtskippen hjir brocht. Der lizze no oesterbanken mei in oerflak fan hûnderten bunder grut. Earst waard tocht dat it in ramp wêze soe foar de Waadsee, mar de oesters hawwe in plak fûn en kinne iten wurde.

Der lizze kânsen, mar dan moatte de minsken de oesters wol ite wolle. Dat soe wol better kinne en dêrom wie sneon op Lauwerseach in oesterfeest. De organisaasje wie yn hannen fan oeskerfiskers John en Barbara Rodenburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)