Soer ferlies foar Cambuur

15 des 2013 - 14:26

SC Cambuur like snein foar in stunt te soargjen troch op eigen fjild lyk te spyljen tsjin Ajax. Yn ekstra tiid gong de ploech fan Dwight Lodeweges lykwols dochs noch mei 2-1 ûnderút. Yn in útferkocht stadion kaam Ajax op slach fan rêst op foarsprong troch in goal fan Lasse Schöne.

Yn de jacht op de lykmakker brocht Michiel Hemmen it thúspublyk yn de 82e minút yn ekstaze mei de 1-1. De Amsterdammers profitearren dêrnei optimaal fan de man-mear-situaasje nei twa kear giel foar Marcel Ritzmaier, want yn blessueretiid makke Davy Klaassen de 2-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)