Rixt Meijer tredde yn Alkmaar

15 des 2013 - 14:12
  • Rixt Meijer

Maratonrydster Rixt Meijer fan It Hearrenfean is sneontejûn tredde wurden op de tsiende KPN maratonwedstriid yn Alkmaar. Meijer moast winneres Sharon Hendriks en de nûmer twa Lisa van der Geest foargean litte. Yn de lêste bocht gongen de grutte favoriten Maria Sterk fan Hallum en Friezinne om utens Foske Tamar van der Wal ûnderút, wêrtroch't Hendriks har earste oerwinning pakke koe.

By de manlju waard de winst in proai foar de Belch Bart Swings. Jan Maarten Heideman en Ingmar Berga waarden twadde en tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)