Rom ferlies follybalfroulju

15 des 2013 - 13:46
  • Petra Groenland

De follybalfroulju fan Snits binne sneontejûn mei 3-0 ûnderút gong tsjin Sliedrecht. Yn de útwedstriid wie Sliedrecht oermachtich. De earste set gong mei 25-15 nei de thúsploech. Ek yn de twadde set koenen de Snitser froulju gjin fûst meitsje en gong de winst mei 25-16 op 'e nij nei Sliedrecht. De thúsploech makke ienfâldich dien wurk troch ek de tredde set mei oermacht te winnen: 25-13.

Troch it ferlies bliuwe de Snitser follybalfroulju fan trainster Petra Groenland stykjen op 25 punten út 12 wedstriden, goed foar it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)