'De Fryske Marren hat foarkar'

De Fryske Marren
De measte ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren binne foar in Fryske namme. De foarsitter fan de FNP-fraksje yn de gemeente hat de nammepeiling nochris bestudearre en oanfoljende ynformaasje opfrege by de gemeente. Hy komt ta de konkúzje dat 53 persint foar in Fryske namme is. Dêrom soe it gjinien fernuverje moatte dat de gemeente De Fryske Marren hjit, seit foarsitter Aant Mulder.
Yn de gemeente is in protte diskusje oer de nije namme, oft dy no De Friese Meren of De Fryske Marren wêze moat.