Krisisoerlis oer mem en bern

Helporganisaasjes, krisisopfang en de gemeente Ljouwert komme sneintemoarn om healwei tolven gear om in oplossing te sykjen foar in mem mei seis bern dy't op strjitte stean. Se wiene harren hûs kwyt rekke en koene mar ien nacht yn opfang De Terp bliuwe, omdat dêr de omstannichheden net geskikt binne foar bern.
It ferhaal fan mem Maria wie sneon op Omrop Fryslân Radio. Minsken bellen de omrop om de frou help oan te bieden. De byienkomst fan sneintemoarn is yn Hotel Post Plaza yn Ljouwert. Dêr is de mem sels ek by.