Boksgala by jubilieum Frisia

Yn sporthal it Kealledykje waard sneontejûn it 80-jierrich bestean fan boksferiening Frisia út Ljouwert fierd. De feriening waard yn 1933 oprjochte en hat benammen mei âld-Europeesk kampioen boksen Rudy Koopmans in ferneamde namme. Op it Kealledykje gongen boksers fan ferskate ferienings út Fryslân, mar ek dêr bûten, de striid mei-inoar oan.
De besikers fan it boksgala koenen net allinnich bokswedstriden sjen, der wienen ek kickboksers dy't tsjin-elkoar strieden. Nei ôfrin fan de wedstriden wie der in feestprogramma.