Snits Wyt Swart wint fan FVC

Snits Wyt Swart hat sneontejûn de Fryske twastriid yn de haadklase C tsjin FVC mei 2-1 wûn. FVC krige yn de earste helte de bêste kânsen, mar wist net te skoaren. Yn de twadde helte bruts Tjeerd Andringa út namme fan Snits de wedstriid iepen mei in goal yn de 49e minút. Robin Hollander sette FVC yn de 61e minút op likense hichte, mar trije minuten letter skeat Erolind Derguti in frije traap fan 18 meter deryn.
Snits Wyt Swart makke snein bekend dat Berry Zandink de nije haadtrainer wurdt foar takom seizoen. Zandink, op dit stuit trainer by FC Wolvegea, hat in kontrakt foar in jier tekene. De 44-jierrige trainer út De Blesse stie ûnder oare fiif seizoenen foar v.v. Hoogeveen en wie trije seizoenen trainer by Alcides.