Pleijte wint 10e Adventurerun

14 des 2013 - 17:12

De tsiende edysje fan de Amelanner Adventurerun is sneon in proai wurden foar Tim Pleijte út Seelân. Hy rûn de heale maraton yn in tiid fan 01.08,59, in nij parkoersrekôr. De winner fan ferline jier Iwan Kamminga waard twadde, folge troch Omar Bekkali.

By de froulju wûn âld-Drachtster Stefanie Bouma yn in tiid fan 01.15,57. Twadde waard Mariska Kramer út Drachten, op it tredde plak folge troch Immy Auck Kersbergen út Wommels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)